Jongeren ferniele beammen

De gemeente Ljouwert is fan doel oanjefte te dwaan fan it fernielen fan 7 jonge ikebeammen by it MCL. Tiisdeitenacht om in oere as fiif krige de plysje de melding dat 5 jongeren de beammen oan de Henri Dunantwei oan it fernielen wiene. Doe't de plysje dêrhinne riden wie, wie der al net ien mear te finen. Wol seagen se dat de beammen omlutsen en ôfbrutsen wiene.
In bushokje op de krusing mei de Aldlânsdyk wie ek fernield. De gemeent nimt de fernieling hiel serieus en wol de skea besykje te ferheljen op de jongeren, as dy opspoard wurde.