Blog: Op it júste momint, op it goeie plak

01 aug 2012 - 01:38

Tiisdei wie in dei fan de frije ynfulling. Der wie net in sportevenemint mei Friezen dat raasde om omtinken en dus hiene we de frije hân. It waard in sfearreportaazje oer de beleving fan de sporters, begelieders en fans tidens de Olympyske Spelen oant no ta. Dêrfoar koe ik moai in tal útspraken fan de ôfrûne dage brûke. Je moatte bytiden in bytsje tûk omgean mei it materiaal dat je hawwe, mar earder noch net kwyt koene...

We woene ek noch wat sfearbylden meitsje fan Hyde Park, in grut terrein dêr't leafst seis grutte fideoskermen hingje dêr't ferskate sporten op te sjen binne. Mar om 11.00 oere moarns, is dat gjin súkses... Der wiene amper minsken en boppedat mochten we ek wer ris net nei binnen ta. Uteinlik kamen we út by Trafalgar Square en dêr fûnen we in oantal minsken dy't wol wat fertelle woene. Dêrnei fluch nei it appartemint om de bylden te montearen en troch te stjoeren nei Ljouwert. Dat slagge, mar dêrmei wie de dei noch net klear. We moasten noch in reportaazje opnimme, om't we moarn (woansdei) nei de tiidrit fan Lieuwe Westra sille. Dat kinne we net dyselde jûn noch op tillevyzje krije en it stribjen is om alle dagen wat te meitsjen.

We hiene twa opsjes: of nei it beachfollybal om Richard Schuil te treffen, of nei it Holland Heineken House foar in sfearreportaazje oer de twa Friezen dy't dêr achter de bar steane. We keazen foar it lêste, ek omdat it beachfollybal moandei gjin súkses wie. In goeie kar, die achternei bliken. Mar dêroer daliks mear. Yn it HHH hiene we ôfsprutsen mei Arnoud Koster fan Toppenhuzen en Fries om utens Esther Seffinga fan De Jouwer, dy't no yn Amsterdam wennet. Twa hiele aardige jonge minsken, dy't goed fertelle koene oer harren ûnderfinings oant no ta. Yn totaal kamen der 4000 sollisitaasjes binnen foar de funksje fan barman/barfrou en dêr bleaune der dik 200 fan oer. Dêrby dus ek Arnoud en Esther. Se wiene tige wiis mei har 'earebaan'.

It wie allinnich noch net sa drok yn it HHH (we wiene der al om 17.30 oere) en dus noch net in soad wurk te dwaan foar harren. Spitich, want foar de tillevyzjebylden is it wol sa aardich om se ek yn aksje te sjen. We besletten om te wachtsjen en letter op de jûn nochris werom te kommen. In tige goed beslút, want neidat we wat te iten helle hiene en wat sport sjoen hiene rûnen we de man tsjin it liif dêr't we snein sa lang op wachte hiene: Richard Schuil! Mazzel miskien, mar we stiene op it júste momint op it goeie plak. Hy fielde him skuldich dat it snein net slagge wie en fertelde ús dat hy troch de befeiliging net trochlitten waard om by ús te kommen. 'Heb ik jullie na drie dagen toch gevonden', sei de beachfollyballer dy't dwaande is mei syn fyfde Olympyske Spelen. Hy naam de tiid foar in ynterview en wie fansels bliid mei de resultaten oant no ta: twa wedstriden spile, twa kear winst.

Nei dizze opstekker wie it yntusken wat drokker wurden yn it HHH. Jeroen van der Boom kaam optreden en dat luts behoarlik wat minsken. We krigen noch in kertier om bylden fan Arnoud en Esther te meitsjen, want yn ferbân mei rjochten is it net tastien om bylden te meitsjen tidens optredens fan artysten yn it House. Al mei al in slagge dei, mei as hichtepunt it treffen mei Richard Schuil. Dat ha we dochs mar wer moai meipikt!

Jan Vincent van Zuiden (Twitter: @JVvanZuiden)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)