Bos en Roe winne Surhústerfean

31 jul 2012 - 17:25

Jan Bos fan Bontebok hat tiisdei it kritearium by de Profronde fan Surhústerfean wûn. Hy wie de rapste út in kopgroep fan seis. Twadde waard Peter Merx út Warfhuizen. It tredde plak wie foar Joey van Rhee út Nijverdal. Earder waard de frouljuskoers wûn troch Eileen Roe út Ingelân. Anouska Koster út De Westerein waard dêr knap twadde.

It wie foar Jan Bos de achtste oerwinning fan it seizoen. Yn 2010 wie er ek de bêste yn Surhústerfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)