Slein mei barkruk

27 nov 2011 - 15:52

In 20-jierige Lemster is sneontejûn oanhâlden foar it mishanneljen fan in 45-jierrige plakgenoat. Yn in restaurant oan de Skrâns op De Lemmer soe de fertrochte it slachtoffer slein hawwe mei in barkruk. Fierders soe de man ferskate glêzen en in blompot stikkensmiten hawwe.

Doe't de plysje by it restaurant oankaam, wie de fertochte al útnaaid. Hy koe efkens letter yn syn wenning oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)