McDonaldswedstriid Olympiade

27 nov 2011 - 14:32

Meiwurker Arjen van der Logt fan de McDonalds yn Goutum makket kâns om takom jier te wurkjen by de Olympske Spelen yn Londen. Moandeitejûn is dêrfoar in grutte wedstriid yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam. Alle kearen komme der út hiel de wrâld McDonalds-meiwurkers nei de Olympiade om dêr de topsporters te betsjinjen. It is no foar it earst dat in Fries kâns op sa'n baan makket.

Yn de finale moatte de kandidaten ûnder oare meidwaan oan in sportkwis en sjen litte hoe goed oft se as McDonalds-meiwurker binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)