Cambuur wol Weijl

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Cambuur wol yn de winterstop Vincent Weijl oanlûke. De 21-jierrige linker oanfaller spilet op dit stuit by it Spaanske Eibar yn de Segunda Division.
Weijl komt lykwols amper oan spyljen ta en is yn de winterstop transferfrij. Cambuur moat wol romte meitsje yn de begrutting. Dat betsjut dat er yn prinsipe earst in spiler fuort moat, foardat Weijl komme kin. Cambuur besiket noch wol om eksterne finansiers te finen foar de transfer fan Vincent Weijl. Weijl hat in wike by Cambuur mei traind en hy spile ek de oefenwedstriid tsjin Harkemase Boys. Weijl hat in goede yndruk efterlitten.