117 meter oranjekoeke yn Snits

28 maaie 2006 - 12:23

It is slagge. Sneontemoarn lei der mear as 117 kante meter oranjekoeke op de Merkstrjitte yn Snits. En dêrmei hat de feriening fan Snitser sakelju in nij wrâldrekord yn hannen. It is de aldergrutste oranjekoeke ea.

Mei de rekordpoging fiere de sakelju it 60-jierrich bestean fan harren feriening. Om kofjetiid mocht Joop Braakhekke it earste stikje oansnije. Foardat it safier wie, waard der hurd wurke troch in tiim fan bakkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)