Aris wint maklik fan Rotterdam

26 nov 2011 - 21:52

Lasaulec Aris hat sneontejûn de thúswedstriid tsjin Rotterdam maklik wûn: 89-53. Nei 16-12 yn it earste kwart, waard in gat slein yn de twadde tsien minuten: 28-11. Mei de 44-23 stân healwei joegen de Ljouwerters de nûmer lêst nei it skoft gjin kâns. Mei 17-15 en 28-15 waard de fjirde winst fan de kompetysje binnen helle. Manny Adako wie mei 25 punten de bêste Aris skutter. Ein oktober hie Aris yn Rotterdam noch mei 85-82 ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)