Fyfde kear Fryske Music Night

26 nov 2011 - 17:13

De fyfde edysje fan de Fryske Music Night is sneon yn Ljouwert. Ferline jier gong it muzykevenemint net troch. Ek dit jier spande it derom. Mar úteinlik kaam der genôch jild op it kleed. Der binne hast seistûzen kaarten ferkocht.
Neist Fryske artysten as Elske DeWall spylje ek George Baker en Lois Lane.

De Fryske Music Night sil tenei ien kear yn de twa jier organiseard wurde.

Trefwurden: 
Fryske Music Night
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)