Plysje pakt Frjentsjerter op

26 nov 2011 - 15:53

De plysje hat freedtenacht in jonge (17) út Frjentsjer en in man (41) út Ljouwert oanholden. Om healwei tolven hinne krige de plysje de melding dat in groepke jonges him ferfelend gedroech op it stasjon fan Ljouwert. Neffens tsjûgen wiene se de trein nei Harns yngien en foelen se dêr reizgers lestich. De plysje sei dat de jonges nei bûten moasten, mar de 17-jierrige wegere dat. Hy moast mei nei it buro. De Ljouwerter bemuoide him dermei en waard ek oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)