Famke oanriden yn Ljouwert
In famke (12) út Ljouwert is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Kanaalwei yn de stêd. Tsjin fiif oere ried in bestjoerder (32) út Ljouwert oer de Kanaalwei rjochting it sintrum. Hy seach nei alle gedachten it famke oer de holle. Se is mei in ferwûning oan de foet oerbrocht nei it sikehûs.