Auto's iepenbrutsen yn Stiens

26 nov 2011 - 14:27

Fjouwer auto's fan in garaazjebedriuw yn Stiens binne freedtenacht iepenbrutsen. Unbekenden hawwe ûnder oare autoradio's en oare lûdsapparatuer fuorthelle. De fjouwer auto's stiene bûten it stek fan it bedriuw. De dieven koene der maklik by komme. De eigner (48) fan it bedriuw hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)