Lifters meitsje eigen boek

In ploech fanatike lifters hat tsien jier lang om âld en nij hinne in lift-wedstriid hâlden. Se moasten yn in pear dagen tiid in bestimming berikke troch te liftsjen. Sa kamen se yn Itaalje, Poalen, Tsjechië en Skotlân. Oer alle aventoeren dy't se ûnderweis belibben, is no in boek ferskynd. Der komt gjin alfde reis. Op it momint dat se oars altyd weromkomme fan in lift-reis wurdt no it boek offisjeel presintearre en dat is op Nijjiersdei.