Bypraat oer gearfoegje parochy

26 nov 2011 - 13:04

De katolike tsjerke yn Fryslân en Grinslân stiet foar in grutte bestjoerlike feroaring. Yn Fryslân moatte fan de 37 besteande parochys úteinlik 8 oerbliuwe. It giet foarearst om in bestjoerlike gearfoeging fan parochys. Yn Drachten binne de leden sneon bypraat troch biskop De Korte oer it proses. Der wie net folle krityk op de plannen. Der is noed dat op termyn wol tsjerken slute sille.

De reorganisaasje is nedich trochdat der hieltyd minder minsken nei tsjerke komme en om't der grutte finansjele tekoarten binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)