Wüst tred op 1500 meter

26 nov 2011 - 12:57

By de wrâldbekerwedstriden reedriden yn Astana is it Ireen Wüst net slagge har twadde oerwinning op rige op de 1500 meter te boeken. Se waard yn 1.57.00 tredde efter winner Christine Nesbitt dy't 1.56.10 ried. It sulver gong nei Claudia Pechstein yn 1.56.77. Marrit Leenstra einige op in sânde plak yn 1.57.77 en Margot Boer waard tolfde yn 1.58.33.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)