Robots jeie guozzen út lân

26 nov 2011 - 12:19
  • Guozzen

In spesjale robot moat de guozzen út it lân fan de boeren hâlde. De robot wurdt ûntwikkele troch it ûndersyksbedriuw INCAS en de Ryksuniversiteit Grins. De lytse robot wurdt yn it fjild delset en rêdt himsels. Mei help fan ljochtsinjalen en lûdsboksen ferjaget er de guozzen. Dat soe better wurkje as in âlderwetske fûgelferskrikker. Hoe djoer oft de robots wurde, is noch net bekend. De robots moatte yn 2013 foar it earst ynset wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)