Hege sjef yn hotel Nobel

26 nov 2011 - 08:30

Hotel Nobel op It Amelân hat sneon de Frânske topkok Jerome Nutile fan restaurant Castellas te gast. Hy komt in dei te itensieden. Nutile hat twa Michelin-stjerren en is boppedat yn 2011 útroppen ta ambachtsman fan it jier yn Frankryk.

De sjefkok komt op útnoeging fan de sjef fan Hotel Nobel en syn Maitre d'Hotel. De kok soe eins freed al nei it eilân takomme, mar moast earst noch op besite by presidint Sarkozy. Maitre d'Hotel Niels Boudens is hiel grutsk dat it slagge is om him dochs nei It Amelân te krijen...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)