Yn de ban fan de Fryske ring

It boek "In de ban van de ring" fan Tolkien is al yn mear as fyftich talen útbrocht, mar no ek yn it Frysk. Freed is diel 1 "Master fan alle ringen" presintearre yn it Tryatergebou yn Ljouwert. Liuwe Westra is de skriuwer-oersettter en it boek wurdt útjûn troch de útjouwerijen Frysk en Frij en Elikser.
De ferwachting is dat de oplage fan fiifhûndert boeken oer de hiele wrâld ferkocht wurdt oan minsken dy't alles oer de hobbits, yn alle talen, hawwe wolle. Westra hat der tsien jier oer dien om diel 1 oer te setten. Der binne lykwols noch twa dielen en dy komme ek noch oan de beurt as it oan de skriuwer en de útjouwer leit.