Minsken fêst op fearboat Skier

Fearboat Skiermûntseach © ANP
De boat fan Lauwerseach nei Skiermûntseach hat freedtejûn grutte fertraging oprûn troch it ekstreem hege wetter. De boat fan healwei achten kaam wol yn de haven fan Skiermûntseach oan, mar omdat de fearkade ûnder wetter stie, koene de minsken net fan board.
Se moasten wachtsje op it leech wetter fan healwei alven, foardat se úteinlik fan board koene.