Black Friday yn platesaken

25 nov 2011 - 17:25

Unôfhinklike platesaken hâlden freed in spesjale dei foar it finyl. Yn Fryslân dogge fjouwer platesaken mei, allegearre yn Ljouwert. Black Friday is foar de platesaken it ferfolch op Record Store Day, dat ek út Amearika weikomt en sûnt twa jier ynternasjonaal hâlden wurdt.

De platesaken wolle mei de spesjale dei de oandacht festigje op finyl dêr't platen en singles fan makke wurde. Nei de langspylplaat yn it ferline is no ek de cd oer syn hichtepunt hinne, sizze guon finylleafhawwers.

Trefwurden: 
Black Friday platesaken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)