Weromferhúzje nei Antillenflat

De earste bewenners kinne moandei werom nei de Antillenflat. Se moasten de flat út, omdat op 23 maaie in galerij fan boppen kaam. Wenningbouwferiening Woon Friesland hat der alles oan dien om de minsken sa gau mooglik weromkomme te litten. De galerij is hielendal fernijd en oan de achterkant binne nije en gruttere balkons makke. Omdat de flat op de nominaasje stiet om gemeentlik monumint te wurden is it uterlik fan de flat is safolle mooglik yn takt litten.
Alle dagen ferhúzje fiif bewenners werom, sadat foar de krystdagen elk wer yn syn eigen hûs wennet.