Sport tige wiis mei stazjêrs

25 nov 2011 - 14:39

Twatûzen Fryske jongeren hawwe op maatskiplike staazje west by sportferienings. Sport Fryslân is dêr tige wiis mei. De jongeren leare sa it frijwilligerswurk kinnen. Se kinne allerhanne saken dwaan dy't oars lizzen bliuwe. De staazjes rinne útinoar fan hynsteriden mei hendikepten ta it organisearjen fan in tennistoernoai of stipe jaan by in fuotbaltraining.

No biedt in minderheid fan de ferienings in maatskiplike staazje oan. Sport Fryslân advisearret oaren dat ek te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)