De Vries stelt teloar op 1500

25 nov 2011 - 13:27
  • Sjoerd de Vries

Sjoerd de Vries fan Twellingea is freed as 11e einige op de 1500 meter by twadde wrâldbekerwedstriid fan dit seizoen. De Vries sette yn Astana in tiid del fan 1.47.09.

De winst op 'e 1500 meter yn Kazachstan gie ferrassend nei Wouter Olde Heuvel (1.45.69). Olde Heuvel bleau de Kanadees Denny Morrison (1.45.80) en de Noar Bokko (1.45.97) foar. Stefan Groothuis, ferline wike noch winner yn Tsjeljabinsk, waard no sechsde yn 1.46.39. Kjeld Nuis wie fiif hûnderste rapper en einige as fiifde. Shani Davis waard fjirde.
By de froulju einige Ireen Wüst op 'e 3000 meter krekt net op it poadium. Wüst klokte in tiid fan 4.05.38 wat goed wie foar it fjirde plak. De oerwinning gie, krekt as ferline wike yn Ruslân, nei de Tsjechyske Martina Sablikova (4.03.28). Claudia Pechstein waard twadde yn 4.03.59 en Diane Valkenburg tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)