Plysje muoite mei hege boetes

25 nov 2011 - 13:26

De Fryske plysje hat muoite mei de grutte ferheging fan ferkearsboetes. Neffens Hartgers fan de Fryske ôfdieling fan it Nederlânsk Plysjefakbûn binne de ferskillen mei oare boetes te grut.

Sa giet de bekeuring foar parkeare op in hendikepteplak fan 180 nei 340 euro. Ride troch reed ljocht giet omheech fan 180 nei 220 en ûnnedich toeterje kostet aanst 350 euro. Hartgers seit dat de ferhâldings no bryk binne. Sa smyt stellerij út in winkel aansen in lichtere straf op. De tariven wurde fêststeld troch de polityk, mar plysjeminsken moatte se oplizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)