Ald pistoal rekket boufakkers

25 nov 2011 - 13:00

It pistoal dat woansdeitemiddei yn de stêd Grins twa Fryske boufakkers ferwûne, blykt in fjoerwapen te wêzen út 1913. By sloopwurk fûnen twa meiwurkers fan in sloopbedriuw út Rinsumageast it pistoal. De mannen fan 23 en 46 jier woene it ûntlade doe't it ûnferwachts ôfgie.

De kûgel ferwûne de iene man oan de hân en de oare oan de skonk. Hoe't beide manlju út Hallum en Gytsjerk troch ien kûgel ferwûne rekken, bliuwt ûndúdlik, sa blykt út it plysje-ûndersyk. Der is gjin sprake fan in strafber feit, mar fan in ûngelok. It pistoal hat nei alle gedachten jierrenlang yn de wenning ferside lein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)