Opknapbeurt De Rijd yn Kollum

Bedriuweterrein De Rijd yn Kollum krijt in opknapbeurt. It terrein oan de noardkant fan it doarp is bot ferâldere. It is ek net hiel goed berikber. De gemeente hat de tagongsdyk al wol oanpakt. No wurdt de trailerhelling ek ferfongen en der komme nije oanlisplakken by it wetter. Om de sichtberheid fan it wetter ôf te ferbetterjen wurde der boskjes fuorthelle. Op sa'n manier moat it terrein oantrekliker wurde foar nije hierders, eigners en rekreanten.
De opknapbeurt wurdt betelle troch de gemeente en de provinsje.
Foto's: Sake Beerstra