Nije skipper Huzumer skûtsje

25 nov 2011 - 11:20

Lodewijk Hidzersoan Meeter wurdt de nije skipper fan it Huzumer skûtsje. Hy folget Eildert Meeter op dy't net mear sile koe om't er it te drok hat mei syn wurk. Lodewijk Meeter is de pakesizzer fan Lodewijk senior en in soad fan Hidzer Meeter, ek in âld-SKS-skûtsjeskipper.

De nije baas op it Huzumer skûtsje is al jierren belutsen by it skûtsjesilen. Hy wie skipper op De Friesland by IFKS-wedstriden. De lêste jierren wie er bemanningslid op it Huzumer skûtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)