Bouwmeester gjin plak heger

31 jul 2012 - 16:48

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten stiet nei fjouwer races yn de Laser Radial-klasse noch hieltyd op it tredde plak. Bouwmeester einige yn de fjirde race as fiifde en hat no in totaal fan 18 strafpunten.

Annalise Murphy út Ierlân wûn har fjirde race op rige. Sy bliuwt fier oan kop mei mar 4 strafpunten. De nûmer twa is de Belgise Evi van Acker mei 16 strafpunten.

De sylsters moatte moarn opnij oan de bak. Fan 12 oere ôf wurdt der dan wer syld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)