Steuring by stimmen Rabobank

In technyske steuring hat de Rabobank fan Ljouwert en Noardwest-Fryslân yn ferlegenheid brocht. De stimproseduere foar de nije lederied is ûnjildich ferklearre. De leden brochten ferline moanne harren stim út, mar de bank moat de proseduere no opnij dwaan. Alle leden hawwe wer in brief mei stimbiljet krige.
De lederied jout advys oan de direksje oer it belied fan de bank, mar hat ek in stim by it beneamen fan kommissarissen en it fêststellen fan de jierrekken.
De bank wol gjin kommentaar jaan op de saak.