Brommerkontrôle: 21 boetes

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei yn Frjentsjer en Harns mei inoar 21 brommerriders op de bon slingere. De measten rieden op opfierde brommers. Oaren hiene de ferljochting net yn oarder of se hiene gjin belle of klakson op de brommer. Yn Toppenhuzen waard it rydbewiis fan in 19-jierrige jonge yn beslach naam. Hy ried 80, wylst in brommer dêr op syn hurdst 40 mei.
De plysje is dizze moanne dwaande mei ekstra brommerkontrôles. Benammen jonge bestjoerders wurde goed yn de gaten hâlden.