Famke oanriden by bushalte

25 nov 2011 - 10:29

In 16-jierrich famke út Langedike is tongersdei yn Wolvegea ferwûne rekke by in ûngelok. It famke stuts de Stasjonswei oer om fan de iene nei de oare bushalte te gean. By beide haltes stiene bussen stil. Dêrtroch hie de bestjoerder fan in persoane-auto gjin goed sicht en koe er net mear op 'e tiid remje doe't it famke de dyk oergie.

It slachtoffer is mei pine yn de rêch nei it sikehûs ta brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)