Minder medaljekâns foar Postma

31 jul 2012 - 16:32
  • Pieter-Jan Postma

De medaljekânsen foar siler Pieter-Jan Postma nimme hurd ôf no't er nei seis Olympyske races op it sechsde plak yn it klassemint stiet. Hy stiet mei in puntetotaal fan 35 punten 12 punten achter op it brûns. De siler fan Terkaple begûn de dei noch op in fiifde plak. Yn de lêste race kaam Postma as 13e oer de streek.

Op dit stuit giet de Deenske Jonas Hogh-Christensen oan de lieding mei in puntetotaal fan 7. Woansdei hawwe de silers fan de Finn klasse in rêstdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)