Aksje polsbantjes Snitswike

31 jul 2012 - 14:55

Op de Snitswike wurde dit jier ek wer polsbantjes ferkocht foar syllessen foar basisskoalbern. It begûn ferline jier as ôfstudearopdracht op ROC Friese Poort. Der moast wat yn 'e merk set wurde en dat waarden polsbantjes mei de tekst 'I Love Sneekweek'. Michiel Brandsma dy't derop ôfstudearre, hat Colin Kruishaar en Thomas Breeuwsma ree fûn om dit jier mei te dwaan. Se meie it offisjele Snitswikelogo brûke.

De bantsjes binne foar 2 euro te keap yn winkels. It sylevenemint Snitswike is fan 4 oant en mei 9 augustus.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)