Minder natuerregels goede saak

31 jul 2012 - 14:21

Natoerorganisaasje It Fryske Gea fynt it in goede saak dat yn guon Fryske natuergebieten minder regels komme as beskerming fan bistesoarten. Dat seit direkteur Henk de Vries yn reaksje op it beslút fan demisjonêr steatssikretaris Henk Bleker fan Natuerbehear. Neffens De Vries moat it reguliere natuerbehear genôch wêze om de kwetsbere bistesoarten yn de gebieten te bewarjen.

Steatsikretaris Bleker hat yn 13 natuergebieten de oerheidsbeskerming skrast. Foar Fryslân giet it om de Wite en Swarte Brekken, de Snitsermar en De Deelen en De Tynje.

Respektivelik de Noarske Wrotmûs, de marflearmûs en de streepte wetterrôfkever komme dêryn foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)