Omrop Fryslân no ek op iPad

31 jul 2012 - 12:11

Omrop Fryslân hat spesjaal foar de iPad in applikaasje meitsje litten. It regionale nijs en radio- en televyzje-útstjoerings binne live fia de app te folgjen. De nije app jout besikers de mooglikheid foto's en fideo's op folle skermgrutte te sjen. It waarberjocht fan Piet Paulusma is ek te finen yn de nijste Omrop-app.

Omrop Fryslân ferwachtet yn de rin fan dit jier ek noch in nije app foar Androidtablets te presintearjen.

De apps fan Omrop Fryslân binne ûnderdiel fan in gearwurkingsprojekt fan tolve regionale omroppen. Earder dit jier waarden yn dat gearwurkingsferbân ek de apps foar de iPhone en de Androidsmartphones útbrocht. Dy apps waarden sels beleanne mei de Media App Award 2012. Mei dy priis lieten de regionale omroppen bedriuwen as Nu.nl, RTL en BNR achter harren. De apps fan Omrop Fryslân binne yn in pear moanne tiid yntusken mear as 15.000 kear downloaden.

De nije app foar de iPad is fan no ôf fergees te downloaden fia de Appstore. De apps foar iPhone en Android binne ek fergees te downloaden. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.omropfryslan.nl/apps-omropfryslan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)