Ferkearsoerlêst yn augustus

30 jul 2012 - 19:17
  • File

It ferkear op de A6 moat fan 6 oant en mei 11 augustus rekken hâlde mei opûnthâld. Yn de jûns- en nachtoeren is der troch wurk oan de dyk mar ien rydstrook beskikber. Dat sil wêze op it stik dyk tusken De Lemmer en De Jouwer yn de rjochting fan De Jouwer.

Inkele op- en ôfritten sille koarte tiid ôfsletten wêze foar it ferkear. Mei giele buorden wurde omliedingsrûtes oanjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)