Blog: We meie neat, mar we ha alles!

30 jul 2012 - 18:07

Piep piep... PIEP PIEP PIEP... PIEP PIEP PIEEEEP... De wekker gie om 6.00 oere fan 'e moarn en ik lei pas om 1.30 oere op bêd. De bylden dy't we makke hiene om it beachfollybal en turnjen hinne moasten fannacht noch nei Ljouwert. Dêr hie ik fan 'e moarn gjin tiid mear foar, want we soene nei it roeien. Sjoerd Hamburger moast him fia de werkânsing sjen te pleatsen foar de A-finale mei de Hollân Acht. De roeiwedstriden fine plak yn Eton Dorney, in ein bûten Londen en de reis derhinne soe likernôch twa oeren duorje. De wedstriden begûnen om 9.30 oere en we woene der op 'e tiid wêze, dus moasten we ek op 'e tiid fuort.

It earste stikje gie mei de metro en dêrnei fierder mei de trein nei Slough. Fan dêrút giene der shuttlebuskes nei Eton Dorney, mar dêr mochtest allinnich op mei in ticket of akkreditaasje... Mei in bytsje sûne Fryske bluf kamen we der dochs op en waarden we foar de doar ôfsetten, koe net better. Mar ja, dan is der altyd noch dy befeiliging. We hiene tocht dat it bûten Londen wol wat tafalle soe, mar nee. Sûnder parsekaart kamen we der net troch en de ôfstân nei de roeiers wie te grut om dêr in ynterview regelje te kinnen.

It probleem waard foar in part oplost. Der wiene in oantal minsken dy't tefolle kaarten kocht hiene en dy joegen se fergees oan oaren. Sa kamen Dirk en ik ek oan in kaartsje en koene we yn elts gefal nei binnen! Sûnder kamera, dat wol, mar sa kamen we yn elts gefal tichter by Sjoerd Hamburger. Boppedat mocht de radioapparatuer wol mei. Yntusken wie Hamburger fansels al lang klear mei roeien, want der wie in protte tiid ferlern gien mei it foargeande. Fia de sms makken we in ôfspraak foar in ynterview. 'Kom maar naar de rode brug naast de finishtoren', liet Hamburger witte. Dat like in goeie ôfspraak en we rûnen yn de rjochting fan de brêge. Mar dêr stiene se wer: de manlju en froulju dy't mar ien ding sjen wolle: in akkreditaasje of ticket foar de tribunes nêst de brêge!

De oplossing liet net lang op him wachtsje. In Australyske man (dat koene we sjen oan syn giel-griene klean) kaam weromrinnen fan it plak dêr't wy hinne moasten en hie syn kaarten net mear nedich. Hy joech se oan ús en doe mochten we der wol troch. Flau dat it sa wurket, mar sa is it no ien kear. We troffen Sjoerd Hamburger en syn âlden, dy't him nei de wedstriid opfongen, al fluch oan en de bliidskip wie grut. De A-finale waard helle en dus leit de Hollân Acht noch op koers foar in medalje. Ik naam ynterviews foar de radio op en Dirk Klaver stie der mei syn spegel-refleks-kamera neist te filmjen. Dy bylden binne goed te brûken dus moandeitejûn yn Boppeslach ek in stikje ynterview mei Hamburger! Wat in kick as it allegear slagget. We meie neat, mar we ha alles!

Jan Vincent van Zuiden (Twitter: @JVvanZuiden)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)