Pompe-beslút treft 10 Friezen

30 jul 2012 - 16:55

As it djoere medisyn foar de sykte fan Pompe net mear fergoede wurdt, binne tsien Friezen dêrfan de dupe. De kosten per pasjint binne tusken de 4 en 7 ton yn it jier. It kolleezje foar soarchfersekerders wol de djoere medisinen net langer fergoedzje.

De 46-jierrige Foekje Wolters út Wurdum is ien fan de troffen Friezen. Se komt út in húshâlding fan fiif. Fouwer fan harren hawwe de sykte fan Pompe. Dat is in seldsume spiersykte.

Trefwurden: 
sykte fan Pompe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)