Praktykskoalle wer ferkocht
Praktykskoalle PTC+ yn Oentsjerk is definityf ferkocht. De nije eigners is maatskip Dijkstra fan Ie. Earder yn maart wie it spultsje ek al ferkocht oan ûndernimmer Rinse Kootstra út Grinslân. Mar dêr wie argewaasje oer de oanbetelling mei.
Heit en soan Dijkstra hawwe de pleats yn Ie ferkocht en wolle no yn Oentsjerk fierderbuorkje. De skoalle bliuwt behâlden. PTC+ hiert it gebou wer fan de maatskip. Wat de fierdere plannen binne, wurdt letter fan 'e wike dúdlik.