Selstraffen foar dea Haanstra

De trije fertochten dy't ferantwurdlik hâlden wurde foar de dea fan Drachtster Hannie Haanstra hawwe moandei fan de rjochtbank allegearre selstraffen krigen. De 38-jierrige heit krige 10 jier oplein. De âldste soan krige 8 jier. De jongste soan, dy't minderjierrich is, krige ien jier jeugddetinsje en twa jier jeugdynrjochting.
De manlju wurde derfan fertocht belutsen west te hawwen by in fjochtpartij dêr't Haanstra swiere ferwûnings by oprûn. Hy ferstoar letter yn it sikehûs. It is noch net dúdlik oft de fertochten yn heger berop gean.
Utsein de jongste soan wiene de fûnnis itselde as de eask.