Soad hantekens foar húsdokters

Húsdokter © ANP XTRA
Al mear as 500 minsken ha yn Jirnsum in hantekening set foar it behâld fan sprekoeren fan de húsdokter yn it doarp. Dat betsjut dat hast de helte fan it 1200 ynwenners tellende doarp in hantekening set hat.
Pleatslik belang Jirnsum en it âlderebûn ANBO fiere aksje tsjin it ferdwinen fan de dokterspost yn Jirnsum. Yn Grou is in nij húsdoktersintrum iepene en hjirtroch wurde de trije sprekoeren fan de húsdokter yn Jirnsum skrast. Yntusken is tasein dat it beslút nochris yn de maatskip bepraat wurde sil.