Fruchtbeamhôf by Achlum

24 nov 2011 - 16:10

Achlum is sûnt tongersdeitemiddei in hôf mei in grut ferskaat oan fruchtbeammen riker. Dat komt op it plak fan in stik populierbosk. Der komme apel- parre- en prommebeammen te stean. De beammen binne ûnderdiel fan in grutter plan om de Slachtedyk by it doarp mei beammen en hagen oan te klaaien. Dat bart op inisjatyf fan it doarp. Lânskipsbehear Fryslân helpt mei en de gemeente Frjentsjerteradiel betellet ek mei.

Trefwurden: 
fruchtbeam Achlum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)