SC Hearrenfean hiel gastfrij

24 nov 2011 - 14:06

Sportklup Hearrenfean is ien fan de meast gastfrije klups fan Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder supporters fan de tsjinpartij.

Neffens it ûndersyk gean de supporters it leafst nei in wedstriid fan Feyenoord, De Graafschap of SC Hearrenfean.

Neffens de supporters is de ûntfangst fan de klup en de plysje goed en hat Hearrenfean in komfortabel besikersfak. It fak fan Cambuur komt hiel min út it ûndersyk. Der is ien negative koprinner en dat is Cambuur. De supporters sizze dat in diel fan it fjild net te sjen is en dat se nei in smoarch húske moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)