Soan mishannelet mem
De plysje hat in 46-jierrige ynwenner fan Boarnburgum oppakt foar it mishanneljen fan syn 81-jierrige mem. De mishanneling wie in wike ferlyn by de frou thús.
De soan mei de kommende tsien dagen net by it hûs fan syn mem komme. Der is boppedat proses-ferbaal tsjin him opmakke.