Jobbegea bliid mei Janna Eijer

23 nov 2011 - 21:43

Sjongeres Janna Eijer is woansdeitejûn yn har wenplak Jobbegea huldige nei't se sneontejûn yn it Italiaanske Udine it festival Liet Ynternasjonaal wûn mei har ballad Ien Klap. Liet-foarsitter Yvonne Bleize lokwinske Janna mei har oerwinning. Janna Eijer song it winnende ferske foar in seal fol fans, freonen en famylje.

Janna Eijer sil it winnende liet sneontejûn ek spylje op de fyfde Fryske Music Night yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)