Rol definsje by ramp Waadeilân

23 nov 2011 - 20:00
  • Waadeilân

Definsje kin in grutte rol spylje by kalamiteiten op de Waadeilannen. Dat is ien fan de belangrykste konklúzjes fan de oefening dy't de Keninklike Lânmacht dizze wike hâldt op Skiermûntseach. Yn de oefening binne alle kommunikaasjesystemen op it eilân troch in stoarm foar langere tiid útfallen.

De kommunikaasje-eksperts fan definsje hawwe in needferbiningssysteem oanlein, wêrtroch de helptsjinsten en de gemeente kontakt hâlde kinne mei it fêste lân. De gemeente Skier folget de oefening fan tichtby. Yn maart 2009 wie der in grutte stroomsteuring op it eilân wêrtroch de kommunikaasjemiddels fuort foelen. Dat koe doe net ferholpen wurde.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)