Soargen Stiens oer ynbraken

23 nov 2011 - 19:48

De Stienzer ûndernimmers ha grutte soargen oer alle ynbraken en fernielings yn harren doarp. Ofrûne wykein wie it noch raak by de dierespesjaalsaak. Dêrom litte de ûndernimmers ûndersykje oft der ek befeiligingskamera's yn it sintrum pleatst wurde kinne.

Stiens hat sûnt twa jier gjin plysjeburo mear en dat soe it feiligensgefoel yn it doarp der net better op meitsje. De ûndernimmers binne no yn oerlis mei plysje en gemeente oer de pleatsing fan kamera's. Begjin takom jier sil der in definityf beslút oer naam wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)