Man botst tsjin stek Marwei
In automobilist is woansdeitejûn tsjin in stek by finzenis De Marwei yn Ljouwert oanriden. De man kaam út de wenwyk Aldlân doe't er net goed waard. De auto skeat oer de Aldlânsdyk tsjin it stek oan. De auto bleau yn de berm neist de finzenis stean. De bestjoerder is nei it sikehûs brocht.