Brief mishanneling âld-PVV'er

23 nov 2011 - 17:19

Ald-PVV-steatefraksjefoarsitter Jelle Hiemstra soe de minsken dy't him yn septimber thús mishannelen, sels frege ha mei in bivakmûtse by him oan te beljen. Dat falt op te meitsjen út in anonime brief dy't by Omrop Fryslân besoarge is. De skriuwer seit yn de brief dat hy en in maat fan him in bivakmûtse fan Hiemstra krigen ha en doe oanbelje moasten.

Earder dit jier soe de man ek jild krije as er op de ruten fan de PVV-er posters fan de AFA, de antifasistyske-aksjegroep plakke soe. Omdat er it jild net krigen hat, is er nei de parse stapt, skriuwt de man yn de brief. Hiemstra sels neamt it ferhaal ferskriklik en net wier. Justysje nimt de brief serieus en ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Jelle Hiemstra PVV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)