Defekt oplaadautomaten Arriva

23 nov 2011 - 17:10

In defekt oan de oplaadautomaten foar de OV-chipkaart fan Arriva soarget derfoar dat de automaten regelmjittich de kaarten fan de klanten opfrette. Nei de ynfiering yn de automaat komme se der dan net mear út. It soe nei alle gedachten gean om in flater yn de software, mar hielendal wis binne se dêr net fan. Arriva ropt dan ek de klanten op om alles wat fout giet te melden by it bedriuw.

Neffens in wurdfierder binne se dwaande mei it ferbetterjen fan it softwareprogramma, mar wanneart de problemen hielendal oplost binne is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)